Het begon in Engelum

EngelumDe gegevens fan myn eigen Stienstra-famylje dy’t ik oant no ta sammele ha begjinne by ANDLE AENES, dy’t om 1600 hinne buorke op de pleats “Kingum” by Ingelum. Wannear’t er berne is, is my net bekend, wol dat er wierskynlik stoarn wêze moat foar 1619. Yn dat jier brûkt soan Sjoerd Andles 15 1/2 pm lân op it Nijlân fan de Schwartsenbergs. Yn 1609 hierde heit Andle Aenes dat noch, sadat oannommen wurde mei, dat dy yn dy tuskentiid ferstoarn wêze sil. Yn 1578 komt (in) Andle Anes foar yn it Register fan de “Personele Impositie” fan Ingelum. Yn 1591 hiert er lân fan Jelte Piers en lân fan de tsjerke. Hy keapet 9 einsen lân by it Dykster miensker en hy ferkeapet 1 pm op de Menamer mieden. Yn 1589 is Andle Anes tsjerkfâld yn Ingelum. (meer…)