Het begon in Engelum

EngelumDe gegevens fan myn eigen Stienstra-famylje dy’t ik oant no ta sammele ha begjinne by ANDLE AENES, dy’t om 1600 hinne buorke op de pleats “Kingum” by Ingelum. Wannear’t er berne is, is my net bekend, wol dat er wierskynlik stoarn wêze moat foar 1619. Yn dat jier brûkt soan Sjoerd Andles 15 1/2 pm lân op it Nijlân fan de Schwartsenbergs. Yn 1609 hierde heit Andle Aenes dat noch, sadat oannommen wurde mei, dat dy yn dy tuskentiid ferstoarn wêze sil. Yn 1578 komt (in) Andle Anes foar yn it Register fan de “Personele Impositie” fan Ingelum. Yn 1591 hiert er lân fan Jelte Piers en lân fan de tsjerke. Hy keapet 9 einsen lân by it Dykster miensker en hy ferkeapet 1 pm op de Menamer mieden. Yn 1589 is Andle Anes tsjerkfâld yn Ingelum.

Yn 1603 wurdt er neamd as hierder fan de pleats “Kingema sate” of “Kingum” fan Aernt van Zuylen van Nijevelt. Dat jier keapet Amel Arendsz. (van Bloendal) 4/5 fan de sate. Dizze pleats, dy’t westlik fan de tsjerke lei (sjoch kaartsje), is letter noch troch syn soan Sjoerd en troch syn pakesizzer Bouwe Sjoerds bebuorke. Dy lêste is om 1703 hinne ferstoarn, sadat de pleats op syn minst hûndert jier troch trije generaasjes út ús famylje brûkt is.
Andle Aenes wie troud mei EELCK SYUERDTS. Ut dit houlik waarden trije bern berne:

  1. SYUERDT, berne foar 1600, boer, wenjend yn Ingelum (op “Kingum”), stoarn nei 1664. Hy is troud om ende by 1634 mei AAFKE WILLEMS, en foar de twadde kear tusken 1651 en 1660 mei AUCK HALBES.
  2. AENE.
  3. BOUWE, stoarn foar 1631.

Hy wie troud mei ANTIE CLAESDR, dy’t ek foar 1631 al stoarn wêze moat.

Engelum

Samenvatting:

De door mij verzamelde gegevens gaan tot nu toe terug tot ANDLE AENES, die boer was op “Kingema sate” of “Kingum” te Engelum. Deze boerderij (op het kaartje rood ingekleurd) wordt later ook door zijn zoon SYUERDT ANDLES en door zijn kleinkind BOUWE SJOERDS gebruikt. Deze laatste stierf rond 1703, zodat “Kingum” minstens honderd jaar door drie generaties uit onze familie gebruikt is. Andle Aenes moet geboren zijn in de tweede helft van de zestiende eeuw. In 1609 leeft hij nog, in 1619 waarschijnlijk niet meer, als zijn zoon Syuerdt Andles genoemd wordt als huurder van land, dat eerder door Andle Aenes gebruikt werd.

Kingum of Kingma

Kaart: Schotanus-atlas (± 1720)
Foto: Google Maps (2012)

* (Dit artikel werd eerder gepubliceerd in het nulnummer van de Stienstra-krante, december 1995.)

Dit bericht is geplaatst in Genealogie, Nieuws met de tags . Bookmark de permalink.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *