De terreinknecht

De terreinknechtJAN STIENSTRA (VV Terschelling). “Wy komme fan de Harkema. Wy prate der noch wolris oer werom te gean nei de wâl, mar dan drukke ús jonges my efkes yn in hoekje en dan hâld ik my mar gau stil. Wy sitte hjir ek bêst. Ik ha jierren leider west fan jeugdalvetallen en letter fan it earste. De lêste jierren spylje ik wat foar konsul. Fierder fersoargje ik de fjilden. Ik lûk de linen, sproei by droegte twa, trije kear deis. Ik knap wat dingen op. Der binne genôch lytse putsjes om rûchwei tsien oant tolve oeren wyks dwaande te wezen.

De terreinknecht

Ik ha de tiid oan mysels. Soks jûns bûten it wurk dwaan falt ôf. It moaiste wat ik meimeitsje is dat de jonges tsjin my sizze fan ’Wat leit it fjild der wer prachtich by, ome Jan’
Ik ha der in hekel oan as de jeugd foar de wedstryd of yn de pauze foar de doelen omtrapet. Se kinne it net litte mar it wurdt sa gau swart. De fjilden binne op it heden redelik goed. Wy hawwe in protte lijen hân mei it opheechjen ferline jier en dit foarjier. Op Skylge is sân genôch, mar grûn is hjir goud wurdich. Wat se der opsmiten ha siet fol mei pún en rotsoai. Ik hie leaver in skip mei moaie grûn fan de wâl hjir hân. Mar it binne fjilden fan de gemeente en dat is te djoer.”

Foto Hart & Kamstra

Bron: Leeuwarder Courant 29 augustus 1991

Dit bericht is geplaatst in Nieuws met de tags , , , . Bookmark de permalink.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *